Apreos
Eeltsje Hettinga
Utjouwerij Fryslân, 2006
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Apreos is de fjirde bondel fan Eeltsje Hettinga. Syn ûnderwerpen fynt Hettinga, lykas yn earder wurk, yn de byldjende keunst. Wie it earder Brueghel dêr't er in syklus oan wijde, diskear binne it in trijelûk fan Jeroen Bosch, wurk fan Edward Hopper en Siep van den Berg dy't sintraal steane. Dêrneist spilet Amearika (dêr't de dichter in skoftlang tahâlden hat) yn meardere gedichten in rol.
Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite 2006