Frjemd folk oer de flier
joke keizer
friese pers boekerij, 2006

Yn de ferhalebondel Frjemd folk oer de flier fertelt Joke Keizer oer de belibbenissen dy’t sy as hospita meimakke hat. Yn de rin fan de jierren hat se allerhanne slach folk oer de flier hân, blank, brún en swart, Nederlanners en bûtenlanners. Minsken dêr’t se befreone mei rekke en oaren dy’t se graach slite woe.

Yn har grut âld hûs spile him fan alles ôf mei sy, de hospita, as gearbinende faktor om alle swierrichheden op te lossen. Sa skreau se foar in hierder op houliksadvertinsjes, ferkocht se foar in oarenien it pleatske en begûnen leafdesskiednissen alhiel út ’e hân te rinnen. Der wienen minsken dy’t de hier net betellen en oaren dy’t sa lestich wienen dat de hospita se op ’e moanne winske. Foar de measten soe it oanlieding wêze om it hiele spul mar gau te ferkeapjen, mar Joke Keizer hat der no ienris nocht oan om al dat frjemdfolk oer de flier te hawwen. Betrouwen yn de minske hat se heech en as it sa no en dan ris mislearret, och wat jout it, dat heart by it libben.

De earste printing fan Frjemd folk oer de flier ferskynde yn 1993.

Oaren oer dizze titel
Jan J. Jongsma, FD 10-07-1993
Jelle Krol, LC 27-08-1993
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 02-09-1993