oerfeart
aggie van der meer
útjouwerij Frysk en Frij, 2006

Yn de histoaryske roman Oerfeart fiert de haadpersoan Agatha petearen mei har Joadske foarfaar Pieter Michiel en har Dútske beppe Augusta. Dêrfoar hellet se de beide markante famyljeleden oer fan it Ryk fan 'e Dea nei dat fan it Libben. Mei har trijen reizgje se troch de tiid, de lêste fjouwer ieuwen. Se beprate allegearre ûnderwerpen op it mêd fan polityk, religy en keunst. De reade trie is in skilderij fan it hillich nachtmiel dat hieltiten op in mysterieuze wize foar it ljocht komt en wer ferdwynt. Dêrby wurde in soad ferlikings yn de ferskate tiidrekken makke. Yn it lêste haadstik wurde konklúzjes lutsen út wat de tiden brochten en hokker ynfloed se op de famylje hienen.
Yn 2011 krige Aggie van der Meer fan de stêd Ljouwert de Piter Jellespriis foar fjouwer literêre wurken út it tiidrek 2005-2009, mar benammen foar dizze roman Oerfeart. Utjouwerij Frysk en Frij brocht by dy gelegenheid in twadde printing út fan it boek.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 05-01-2007
Elske Schotanus, de Moanne nr. 2 2007 s. 54-55 en op eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Rieuwert Krol, Ensafh 01-06-2007