De hûnsdagen
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2006
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Sander Jepma woe nei de middelbere skoalle loskomme fan it âlderlik hûs. Hy gie mei de Willem Barendsz nei de Súdpoal foar de walfiskfangst en keas foar in hurd en wreed libben. As er yn ’e maitiid fan 1954 thúskomt is syn heit deasiik. Sander komt dan ta besef dat er syn heit eigentlik noait kend hat. Hy wol der alles oan dwaan om dat te feroarjen. Dêrnjonken groeit der in koele en berekkene ferhâlding mei Gonny Hovenga, in frou fan in moderner ynstelde generaasje. Sander slyt de simmer yn it âlderlik hûs, Gonny docht yn deselde krite ûndersyk nei de biotoop fan kikkerts.
De novelle De hûnsdagen spilet him ôf op Nijhústerpiip, in útbuorren bewesten Wetsens. It rivierke de Peazens, dat as in libbensier troch de Dongeradielen rint, is dêr in wichtige skeakel yn.
Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 08-12-2006
Jaap Krol, FD 03-03-2007
Wieke de Haan, Ensafh 23-02-2007