It wurk fan 'e duvel
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2006 (twadde printing)

Hartman Lautenbach, wûnderdokter yn de omkriten fan Kûkherne, is de haadpersoan yn dizze roman. Hy groeit op yn grutte earmoed by syn pake, in ferneamde wûnderdokter, en by syn mem dy't swier makke is troch in Frânske soldaat. Hartman hâldt dêr syn bynamme Nappe oan oer. Al yn syn bernetiid wurdt dúdlik dat der wat mei him te rêden is: guon 'duvelske' trekjes binne him net frjemd. Fan pake en mem leart Hartman it masterjen en hy is letter ferneamd om syn krûdekennis. Nei de moard op in Joad wurdt de heide him te hyt oan de fuotten. Nappe meldt him oan as soldaat by it Nederlânske leger en fjochtet mei yn de Belgyske Opstân. Nei de dea fan syn mem komt er dochs wer nei syn bertestreek werom.
Hartman is dêr lykwols hielendal in bûtensteander wurden en op 'e heide geane de praatsjes oer moarden en ferkearde froulju as diggelfjoer. Dochs hat hy ek noch in lokkich eintsje libben mei syn frou Eke en har ûnnoazele soan Renger. Lang duorret dat net, want de dea fan Eke en in folksgerjocht wurde him úteinlik fataal.
De earste printing fan dizze roman is fan 2000.

Oaren oer dizze titel
Piter Duijff, FD 19-02-2000
Sietse de Vries, fraachpetear mei de auteur, Ljouwerter Krante 25-2-2000 (diel 1 en diel 2)
Jabik Veenbaas yn de LC 25-2-2000
Eize de Boer, Literêre jûn , auteur lêst op syn jierdei foar út it boek, FD 07-09-2000
Henry Baron yn World Literature Today 22-03-2001, The Free Library
Jelle van der Meulen op syn Friese Literatuursite