De fûgel
trinus riemersma
venusboek, 2006

Yn in Italjaansk doarp komt de fûgel werom... It doarp leit as in roekenêst op in heuveltop. Lang lyn, yn de ûnrêstige tiden, wie dat in pree. It doarp wie ûnnimber foar de fijannen en it woeks út ta it bestjoerlike sintrum fan de krite. Dat is allegear fergiene gloarje. Mear as it oantinken oan it grutte ferline is net bleaun. En tsjustere skiednissen, dêr’t nimmen graach oer praat. Lykas oer dy fûgel dy’t as in duvel út ’e hel boppe it doarp hong en ûnferhoeds delsaaide. Mar dy fûgel is sûnt in heale ieu neat mear fan fernommen.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 29-09-2006
Yvonne Dijkstra, FD 11-11-2006
Elske Schotanus, de Moanne nr. 10 2006 s. 45 en op eigen webside
Rieuwert Krol yn ensafh
Jelle van der Meulen op syn Friese Literatuursite