Hoe binne de helten fallen
trinus riemersma
venus, 2006

Begjin 1965 publisearret Bauke de Jong yn Asyl, it polemyske literêr tydskrift dat hy tegearre mei Tjitte Piebenga útjout, in essay oer E.B. Folkertsma, ien fan de autoriteiten yn de Fryske beweging. De titel fan it essay is ‘Us bêste tsjerkebledsje-essayist grif, of de doarpsidioat as essayist’. Dêrmei is de toan set.
Trinus Riemersma: ‘De Jong hie him tige ynlêzen yn it wurk fan Folkertsma, om’t er fan ferskillende kanten heard hie dat Folkertsma ien fan de ‘grutte tinkers’ fan Fryslân wie. De Jong hat grif yn ’t earstoan it proaza fan Folkertsma mei in wolwollend omtinken lêzen, mar syn hâlding is rillegau omslein yn ferbjustering, ôfgriis, lilkens – wat Folkertsma foar en nei skreaun hie, wie foar ’t meastepart shit, in brij fan skriftuerlik kristendom, germaanske schwärmerei, Fryske grutheidswaan en net te fertarren konservatisme.’
It artikel slacht yn as in bom. Guodden ferdigenje Folkertsma, oaren wize op it nuodlike fan syn publikaasjes oan de ein fan de jierren tritich. De kwestje liket him ta te spitsen op de fraach: Wie Folkertsma in antisemyt of net?
Doe’t Bauke de Jong in jier letter de postume bondel Aarden vaten fan Jan Piebenga ek noch ôfkreake, koe er gjin goed mear dwaan.
Riemersma sammele sawat alle artikels en bydragen út de twa jier folgjend op de publikaasje fan De Jong syn stik yn Asyl en stavere se om. Mei in ynlieding fan sines en it artikel dêr’t it allegear mei begûn derby waard it gehiel útjûn by syn eigen útjouwerij Venus. Sa ûntstie in blomlêzing fan ryk Frysk polemysk libben út de tiid dat der noch gjin ynternet wie.

Oaren oer dizze titel
Pieter de Groot, LC 01-12-2006
Jaap Krol, FD 21-04-2007
A.IJ van den Berg, Boeklog 15-06-2007
Elske Schotanus, Eigen website july 2007
J.A. Frieswijk, Hjir 37 (2008) s. 14-20. 
Rieuwert Krol, ensafh 06-09-2008