It tal mooglikheden is sawat ûneinich
durk van der veen
útjouwerij venus, 2006
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dizze bondel mei achttjin ferhalen soe hast oeral oer gean kinne, fertelt de skriuwer de eventuele lêzer op de achteroptekst. Dêrom hat er as titel keazen It tal mooglikheden is sawat ûneinich. De skriuwer is krekt fjirtich wurden. Dat is de tiid om jins memoires op papier te setten, hat er earne lêzen. Dy memoires begjinne by de tiid dat er folwoeksen waard. Fan syn bernetiid wol er neat fertelle, of wit er dêr neat mear fan? Wat er wol wit, is dat er graach skriuwer wêze wol, ek al slagget it him lang net altyd wat op papier te krijen en is syn ambysje bytiden mear in ‘fata morgana’ (sa’t yn it ferhaal mei dy titel ferteld wurdt). Mei it ferhaal ‘Yn it begjin wie der ûnskuld’ wûn Van der Veen yn 1997, njoggen jier earder, in Rely Jorritsmapriis. In oantal ferhalen ferskynde earder ek yn De blauwe Fedde. Dat allegearre ûnder de namme Dirk, dy’t pas by de útjefte fan de ferhalebondel op oanstean fan útjouwer Trinus Riemersma as Durk skreaun waard.
Van der Veen syn styl hat op plakken wol wat fan minimal music: werhelling mei hyltyd krekt wat feroaring, sadat de lêzer yn de herheljende patroanen in ûnkearber trochgean erfaart. Syn haadpersoan is in filosofysk ynstelde en goedmienende man (‘ín fersoargjend typke mei in grut hert’ seit er earne heal-iroanysk), dy’t syn kantoarwurk sawat sinleas fynt, dat is allinne om wat te fertsjinjen: ‘Oerdeis barre, jûns tarre’. It jûnstarren is in kwestje fan der mar wat hinnelibje mei maten, bier, tv-sjen, longerjen op froulju (dy’t ûnberikber bliuwe, sels op in wykein foar singles) en út en troch in hoerke. Mar yn dat alles wit de skriuwer de figueren fan de selskant dy’t syn wrâld befolkje skerp del te setten. Bysûnder is it slotferhaal oer Laura, in skieden en snústerich frommis by him út de strjitte, dy’t er konsekwint ‘de net besteande frou’ neamt. Har kin er wol berikke en by har fielt er him folslein fertroud. ‘It is der gewoan betrouwen sûnder betingsten. Dat haw ik mei de net besteande frou.’
Durk van der Veen wurke mei oan De blauwe Fedde. Nyk de Vries yn Ensafh oer syn generaasje, dêr’t er Van der Veen ek byrekkenet:
‘Opfallend is dat Dirk ien fan ’e skriuwers út it fermidden is dy’t just wol in protte analysearret, sa fernamen we al mei it feuilleton ‘Modesta’ dat er makke tegearre mei syn maat Sjieuwe Borger. It is in ferslach fan syn wjerfarren yn ’e hoerebuert yn Grins dat net allinne beskriuwt, mar dat ek wiidweidich yngiet op ’e psychology fan ’e persoanen. Ek yn it letter wurk spilet de psychology in grutte rol. It moaie lykwols fan ’e bondel It tal mooglikheden is sawat ûneinich is dat der in prachtige balâns ûntstiet fan persoanlik relaas en suver dichterlike analyze dy’t de saak net tichtsmart, mar jin de bek just iepenskuort fan fernuvering.’
Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 05-05-2006
Jitkse Brünner, FD 10-06-2006
Jaap Krol, Hjir 2006, nr. 3, s. 35-37
Elske Schotanus, De Moanne 2006, nr. 9, s. 51-52 en op eigen webside.
Tsjerk Bottema op Farsk 2006, nr. 74
A.IJ. van den Berg op Boeklog 08-04-2008
Meindert Talma, fraachpetear mei de skriuwer, De Moanne 2011, nr 5. s. 36-40; ek op De Moanne 19-01-2015
Nyk de Vries yn ‘Raffelich realisme?’, Ensafh 2012, nr. 2, s. 76