De wite ûle
jabik veenbaas
bornmeer, 2006

De alve ferhalen in dizze bondel biede in ryk ferskaat oan tema’s, motiven, perspektiven en ferhaalfoarmen. Yn de measte ferhalen fiert it leed de boppetoan, leed fan puberjende bern, fan iensume en ferhûddûke minsken. Sa giet it titelferhaal oer in jonkje dat op skoalle in soad narre wurdt. Om alle pesterijen dochs ferneare te kinnen lit er yn syn fantasy in wite ûle ta libben komme, dy’t him yn alles helpt en bystiet. Tsjin de narders swetst er dan op oer syn ûle. Dêrmei ferdizenet er de grinzen tusken werklikheid en fantasy.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 16-02-2007
Jaap Krol, FD 02-06-2007
Elske Schotanus, De Moanne nr. 6 2007 s. 54-55 en op eigen webside