De nacht fan Belse madam
rink van der velde
friese pers boekerij, 2006

Yn 1832 komt Kees Remmelts werom fan de Tsiendeise Fjildtocht yn België mei Julia, in moai jong frommeske. Yn Smelle Ie krijt se de namme Belse Madam. In lytse tweintich jier letter stjert se ûnder heimsinnige omstannichheden tidens in ferskriklik needwaar. Teade Wagenaar, in âlde maat fan Kees, sjocht yn in fisioen dat syn freon mandélich is oan har dea. Der binne wol mear minsken yn de gritenij dy't de eigensinnige Kees Remmelts ôfstraffe wolle. Mar bewizen binne der net...
De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 1991.

Oaren oer dizze titel
Jan Wybenga, LC 21-06-1991
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 22-08-1991
Anne Wadman, Frysk en Frij 22-08-1991
Piter Terpstra, De Strikel 09-09-1991