Jan Hut
rink van der velde
friese pers boekerij, 2006 (twadde printing)

Dit boek giet oer de legindarise strúkrôver Jan Hut, dy’t om 1800 hinne de súdeasthoeke fan Fryslân ûnfeilich makke. Syn libbensrin is net folle oer bekend, dat de roman Jan Hut berêst foar fierwei it grutste part op fantasy.
Rink van der Velde lit it ferhaal begjinne yn de feanterij te Tsjalbert. Jan Hut is dan noch in oppassende jonge turfmakker, mar as er yn jeugdige frijmoedigens ien fan de hearen-eigners fan de turfmakkerij mislediget, moat er ûnderdûke yn de Kompenije. Dêr komt er tusken ‘quat gespuis’ telâne, dat yn hoalen en klinten ferkeart en oan ‘e kost komt mei nachtbidden, stellen, streupen en alles wat oars noch ferbean is.
Japke, de moaie boerefaam dy’t earst neat fan him witte wol, kiest dan syn kant en wurdt syn kompejon. Jan Hut leit de ûnskuld ôf en wurdt in gewanten dogeneat, dy’t alles oandoart en dêrmei trochgiet oan de bittere ein ta.
De earste printing fan Jan Hut ferskynde yn 1989.

Oaren oer dizze titel
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad, 25-05-1989
Anne Wadman, Frysk en Frij, 27-05-1989
Jan Wybenga, LC 07-07-1989
Klaas Jansma, Nieuwsblad van het Noorden, 22-09-1989
Froukje Annema, Boekenijs sept. 1989
Henry Baron, World Literature Today, Spring 1990
Jan J. Jongsma, FD 18-05-1996