Foar alles is in tiid (oer Tiny mulder)
geart de vries
friese pers boekerij, 2006

Tiny Mulder (1921-2010) is bekend as dichter, sjoernaliste, fersetsfrou yn de Twadde Wrâldoarloch, skriuwster, literêr kritikus en redakteur fan de bernepagina fan it Friesch Dagblad – yn willekeurige folchoarder opneamd, en der mist grif ek noch wat. Sy is ien fan de markante ferskiningen yn de Fryske literatuer fan de lêste goed heale ieu. Geart de Vries hie yn de simmer fan 2005 tolve lange petearen mei har oer har libben en wurk. Se praten ûnder oare oer de oarloch, har ûntwikkelingsgong as Frysk skriuwster, har bysûndere sjoernalistike karriêre, har bân mei Amearika en har plak en aktiviteiten yn de literêre wrâld. De fraachpetearen waarden mei oanfolling út boarnestúdzje omwurke ta in trochrinnend libbensferhaal en ryklik yllustrearre mei foto’s.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei auteur, LC 25-08-2006
Gerbrich van der Meer, FD 03-02-2007
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 02-07-2007