Prospero
nyk de vries
friese pers boekerij, 2006

Wat moat ik oan mei myn fierder libben? Dy fraach spilet de jonge muzikant Marco Vandaan hieltyd troch de holle. Syn karriêre is op ’e non rûn, de ferkearing is út. Hy siket in útflecht yn ’e Spaanske heechlannen by Prospero, in wetterkundich projekt dat wurk biedt oan in ploech studinten en oar jongfolk. Marco giet folslein op yn ’e ploech mei syn yntriizjes en leafdesperikels en it wurk yn ’e smoarende hjitte. By Prospero wurdt him, sa’t it liket, in kâns bean om oan syn deistige omstannichheden te ûntkommen.

Prospero ferskynde as nûmer 1 yn de rige Fryske modernen. Der kaam ek in oersetting yn it Hollânsk.

Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 07-04-2006
Yvonne Dijkstra, FD 13-05-2006
Elske Schotanus, de Moanne nr. 8 2006 s. 43-45 en op eigen webside
Enno de Witt,  8Weekly 08-01-2008