Wûnderaardichheden
henk wolf
bornmeer, 2006
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
In trijepoatige ko makket yn it foar de dea fan in Burgumer buorkundich. By Goutum falt in rôze oaljefant út de loft. In widner wurdt freonen mei in beam en in Italjaanske blom nimt in famke mei op in reis troch de nacht. It kin allegear yn de wûnderaardige wrâld fan Wolf, dy’t gauris komysk is, soms wat mankelyk en bytiden djipsinnich. Wûnderaardichheden is in bondeling fan fertellingen en ferskes dy’t skreaun binne mei leafde foar moaie taal, âlde ferhalen, bysûndere minsken en goede bearenburch. De tekeners fan it striptydskrift Mudhoun hawwe it boek foarsjoen fan koartswilige printsjes.
Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 26-05-2006
Elske Schotanus, De Moanne nr. 5 2006 s. 43-44 en op eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite