Gers dat alfêst laket
Tsead Bruinja
Bornmeer, 2005

Gers dat alfêst laket is in bondel fan Tsead Bruinja út 2005. De bondel befettet 32 gedichten, ferdield oer 5 skiften, dy't wat subtiler binne as syn eardere wurk. Likegoed is de assosjative styl, dellein yn sinnen sûnder ynterpunksje, bleaun, ferskowingen yn aksint en betsjutting dy't it skaaimerk fan Bruinja syn poëzy útmeitsje. In moai foarbyld is in gedicht oer in hazze en in jager, dêr't de betsjutting middels in suver beswarrende werhelling ferskoot:

hazze yn it fjild tinkt
alles oan de hazze is op
alles oan de hazze is lykas
winter oerfleanende guozzen

jager syn eagen sizze simmer
en alles oan de jager is op
alles oan de jager is
fuortflein lykas dy simmer

alles oan de jager is grien
de hazze yn de jager ropt
en alles oan de hazze is op (…)

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Harmen Wind, LC 03-02-2006
Abe de Vries, Farsk 13-12-2005 (ek te finen op de webside fan Tsead Bruinja ûnder 'Pers')