lederwyntsje
lida dykstra
Bornmeer, 2005

Lederwyntsje wennet mei har pake en geit Kekke yn in spitkeet. As pake op in dei net thúskomt, giet Lederwyntsje nei him op syk. Har tocht bringt har by in djippe kûle dêr’t trije wite juffers yn wenje. By har ûntdekt Lederwyntsje dat se bysûndere krêften hat. Se leart dreamreizgjen en fynt by ûngelok fleansalve út. As se derachter komt dat pake finzen holden wurdt troch soldaatsjes, komme dy magyske krêften har goed fan pas. Mei yllustraasjes fan Monique Beyer.

Foar dit boek wûn Lida Dykstra de Simke Kloostermanpriis yn 2007.

Oaren oer dizze titel