Reidhintsje op ’e Styx
Anne Feddema
Koperative Utjowerij, 2005

Reidhintsje op 'e Styx is de twadde bondel fan Anne Feddema út 2005, acht jier nei syn debút Slapstickiepenbierings. Ferdield oer 4 skiften komme 54 gedichten foarby mei û.o. omtinken foar religy en dea, lykas al oanjûn wurdt yn de titel. Dream en werklikheid rinne lykas yn syn earste bondel yninoar oer, absurdisme slacht foar master op. Rigen fan ferneamde komponisten, dichters en skilders spylje in haadrol yn de boartlike gedichten dy't dizze bondel befettet.

Yn 2009 waard Reidhintsje op 'e Styx bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Harmen Wind, LC 06-01-2006
LC 08-09-2009 (takenning Gysbert Japicxpriis)