tin iis, 5de pr
tiny mulder
friese pers boekerij, 2005

De roman Tin iis út 1981 is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer, sa die yn 2006 bliken út in lêzersûndersyk fan de Ljouwerter Krante. It ferhaal fan it famke Klaske Jagersma dat waarnimt hoe’t har âlder suske Dineke yn it ferset sit en dy’t dêr sels ek starichwei yn behelle wurdt, en de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma mei ûnderdûkers yn oarlochstiid binne meinimmend delset. De skriuwster hat der in protte fan hat eigen wjerfarren en fan har âlden yn ferwurke. It ferhaal is situearre yn in plak dat op it eardere Drachten liket. Dat plak wurdt net mei namme neamd, omdat de stêd fan no te grut is foar it lytse plak dat de skriuwster foar eagen stie, sa’t se sels útleit.
Yn har troch Geart de Vries streaune biografy Foar alles is in tiid seit se dat se it boek skreau út lilkens dat de rol fan de frou yn de oarloch neitiid ûnderbeljochte bleaun is, en dêr woe se wat yn feroarje. Fan it boek ferskynde in oersetting yn it Hollânsk makke troch de skriuwster sels.

tin iis 6de pr 2014 400px
Yn 2014 ferskynde by útjouwerij Elikser ûnder it imprint TDE de 6de printing.

Oaren oer dizze titel
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 26-09-1981
Piter Terpstra, FD 17-10-1981, part 1 en part 2
M.J. de Haan, de Pompeblêden 1982 jg 53 nr 4 s. 60 en s. 61
Wieke Goeman-van Randen, LC 27-11-1987
Durk Hibma, Boekenijs, LC 06-10-1998
Sietse de Vries, Tin iis / Gevaarlijk ijs bestseller nei 20 jier, LC 05-12-2003
Pieter de Groot, Tin iis favoryt by lêzers, LC 10-03-2006 part 1, part 2, part 3
Brosjuere 10 books from Friesland, 2016
Yntroduksje Buchmesse 2019