De ljedder
koos tiemersma
friese pers boekerij, 2005 (3e printing)

Dit is de tredde printing fan De Ljedder, dat oarspronklik ferskynde yn 2002. Job Wassermann bedarret yn 1942 as Joadske ûnderdûker op de pleats fan de famylje Nauta, fuort ûnder Frjentsjer. Jacob, de alvejierrige haadpersoan fan De ljedder, jout him as er âld is rekkenskip fan wat der yn de oarloch op de pleats foarfallen is, en fan it skuldgefoel dêr't er altyd mei omrûn hat. Stikje by bytsje wurdt it ferhaal fan Job útraffele, mar der bliuwe riedsels. Dêrtuskentroch spylje Jacob syn oantinkens oan syn jongesjierren op de pleats en syn yntrede yn de wrâld fan de folwoeksenen. It boek is opset as in fernimstige literêre konstruksje dy't foarm jout oan it lêste earbetoan dat Jacob oan Job bringt. De ljedder wie yn 2002 it romandebút fan Tiemersma.

Mei in part fan de tekst wûn er yn 2000 al in Rely Jorritsmapriis. De ljedder waard bekroand mei de Rink van der Veldepriis fan de gemeente Smellingerlân. In oersetting yn it Nederlânsk ferskynde yn 2007, makke troch de auteur sels.

Oaren oer dit boek
Jabik Veenbaas, LC 07-06-2002
Sietse de Vries fraachpetear mei de skriuwer, LC 07-06-2002
Tsjerk Veenstra, FD 11-09-2002
Sjoerd Bottema, De Moanne/Trotwaer, 2002 nûmer 1, s. 59-61
Elske Schotanus, eigen webside
Henry Baron, World Literature Today oktober 2003, The Free Library
A.IJ. van den Berg, Farsk 07-12-2007
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 12-12-2005 en eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite