Dreame van in oare wrâld (jierdei-útjefte foar Durk van der ploeg)
ferskate auteurs
friese pers boekerij, 2005

Yn 2005 waard de skriuwer Durk van der Ploeg 75 jier. Dat wie útsoarte in gelegenheid om him wat moais oan te bieden en wol yn de foarm fan in samling mei skôgingen troch bekende Fryske skriuwers en oaren mei ferstân fan saken. Sa kaam in tige lêsber en ynformatyf byld ta stân fan ferskate aspekten fan it wurk fan de skriuwer. Net allinne syn poëzij en proaza wurde beljochte, de ynfloed fan it lânskip en de skiednis fan Noardeast-Fryslân op syn oeuvre komme ek oan de oarder. In oantal jongere skriuwers bringe ûnder wurden wat sy hawwe mei it wurk fan Durk van der Ploeg. Mei bydragen fan Bertus Mulder, Pieter de Groot, Jabik Veenbaas, Leo Popma, Jetske Bilker, Willem Schoorstra, Marga Claus, Doeke Sijens, Douwe Kootstra, Jos Thie, Thys van der Veen en Dick Eisma.
It boek waard de skriuwer oanbean op in feestjûn yn de Iepenbiere Bibleteek fan Ljouwert op 8 septimber 2005, twa dagen nei syn jierdei.

Oaren oer dizze titel
Tsjerk Veenstra, FD 18-02-2006