It útsjoch
piter boersma
koperative útjowerij, 2005

It útsjoch bestiet út allegear koarte en langere stikjes en stikken. It is opboud út in griemmank fan deiboekachtige notysjes, aforistyske útspraken, gedachtespinsels, oantinkens, oantekeningen oer it skriuwen en oer skriuwers en boeken dêr't de auteur wat mei hat, út ferbyldingen en ferhalen. Dêrby giet de skriuwer gauris werom nei syn jeugd. Yn dit boek wurde saken yn direkte bewurdingen nei foaren brocht, mar ek yn de foarm fan ferbyldingen.
It boek hat in autobiografysk útgongspunt, mar it is gjin gewoane autobiografy. Yn it boek wurdt in ferhaal ferteld, mar net op 'e wize sa't dat yn in 'gewoan' ferhaal of yn in 'gewoane' roman dien wurdt.

Oaren oer dizze titel
Yvonne Dijkstra, FD 29-04-2006
Harmen Wind, De Moanne 01-06-2006