Rachlan
neeltje bonnema
venusboek, 2005
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn de ferhalebondel Rachlan wurde gauris in lyts famke en in folwoeksen frou as haadpersoanen opfierd. Beiden besykje se har plak te finen yn in faak ferbjusterjende wrâld. Se wolle graach de midden tusken twa einen hâlde, har oan de faak benearjende situaasje oanpasse en in goede wil toane. Yn de earste ferhalen wurdt it naïve famke Eke yn de sfear en tiid fan de jierren ’50 of ’60 yn in doarpke oan de seedyk pleatst.
Yn de ferhalen oer folwoeksenen spilet it ûnbegryp tusken froulju en manlju oer en wer faak de boppetoan. De relaasje is eins al op ’e non rûn. Se kinne of doare dy net te ferbrekken mar binne ek net by steat dy te ferbetterjen. Foar de lêzer leveret dat gauris begrutlike, mar foaral ek komyske tafrielen op.
Rachlan is it proazadebút yn boekfoarm fan Neeltje Bonnema. In tal fan de ferhalen is earder publisearre yn sammelbondels as 21 nije Fryske winterferhalen en De riedsels fan it hert.
Oaren oer dizze titel
Jitske Brünner, FD 14-01-2006