It ferrin fan de tiid
sjieuwe borger
venusboek, 2005

De ik-ferteller yn dizze debútroman fan Sjieuwe Borger is Sybren dy't as jurist syn wurk in De Haach hat. Op in stuit krijt er syn nocht fan de Haachske sfear en de kultuer om de rjochtspraak hinne. Hy giet werom nei Grins, de stêd dêr't er studearre hat en dêr't syn eardere freonen noch wenje. Hy krijt dêr in nije freondin, promovearret en wurdt advokaat. Dat is eins it measte dat de lêzer oer de ferteller te witten krijt.
It ferhaal giet noch it meast oer Goaitsen, in jeugdfreon út de studintetiid fan Sybren. Goaitsen bedarret as alkoholist oan de selskant fan de maatskippij. In pear relaasjes rinne stikken en hy rekket syn wurk kwyt. Sybren hâldt him hiel lang in hân boppe de holle om't Goaitsen in traumatyske ûnderfining opdien skynt te hawwen troch it oarlochsferline fan syn pake en in minne behanneling fan syn heit. By eintsjebeslút lûkt ek Sybren de hannen fan syn jeugdfreon ôf.

Oaren oer dizze titel
Jitske Brünner, FD 03-12-2005
Abe de Vries, LC 16-12-2005
Eric Hoekstra op eigen side (ek te finen yn: Hjir 35 -2006 s. 12)
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite