It Poadiumbeest
bouke van der hem
frysk & frij, 2005

Yn dizze roman wurdt earst it ûntstean en deablieden fan in popgroep út Fryslân yn de jierren '60 en '70 beskreaun. Tritich jier letter bringt ien fan de leden in besite oan syn soulmate yn it donkere diel fan Slowakije. Hy is op 'e siik nei âlde freonskip, nije sinjouwing en - by it ferûngelokjen fan syn maat, solist en poadiumbeest - nei antwurden op it riedsel dat dêrnei tusken har stiet. Dat lei der earder lykwols ek al. Yn Rome mient er de goede toan te finen, op trochreis nei it each fan de politike orkaan dy't yn maaie 2002 thús opstekt. Op it lêst hat er himsels wer yn der stringen. Libje yn de sirkelgong fan tiid, dat is de reade tried yn dizze roman. Werklikheid en lot wurde bestriden en akseptearre. Mar wat as it needlottich beteart?

Oaren oer dit boek
Jitske Brünner, FD 15-04-2006
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite