Pauwehôf
aggie van der meer
útjouwerij frysk en frij, 2005

De Pauwehôf is in âld buorskip. Yn twa fan 'e trije huzen wenje minsken, dy't by al har ferskillende ideeën oer libben en gelok, mei ien en deselde fraach sitte: wa is dy frjemde sletten man dy't sûnt koart yn it tredde hûs wennet? Dy man is Bernt Hof, in eks-muonts dy't it kleaster ferlitten hat om't er fereale rekke op in frou. Hy bedarre yn in djippe religieuze krisis en besiket der yn 'e Pauwehôf oan te ûntkommen. Syn neiste buorlju hawwe sa har eigen problemen. Wilma Faber wol út eigen wjokken fleane en siket in baan. Har man Bruno hat it dreech mei de sucht nei ûnôfhinklikens fan syn frou. De oare buorlju fan de Pauwehôf binne Bo en Anne Remer dy't oantangele sitte mei har puberjende dochter Chris.

Oaren oer dizze titel
Abe de Vries, LC 16-09-2005
Gerbrich van der Meer, FD 20-05-2006
Elske Schotanus, de Moanne nr. 8 2005 s. 48-49 en op eigen webside