De grutte stoarm
albertina soepboer
bornmeer, 2005

It ferhaal begjint by de skepping fan de Ierde. En dy skepping begjin fansels net alhiel tafallich yn it noarden fan Nederlân. It einiget mei de Sint-Luciafloed fan 13 op 14 desimber 1287. Dy enoarme stoarmfloed skate Fryslân en Hollân definityf fan elkoar en makke in ein oan it grutte Fryslân dat it hiele kustgebiet tusken it Swin yn Flaanderen en it hjoeddeiske Denemarken besloech. Yn dy ferskriklike nacht kamen 50.000 minsken om. Dêr tuskentroch beskriuwt Soepboer in tal sosjale en maatskiplike ûntjouwings, lykas de hearskippij fan froulju en manlju, oarloggen en de kerstening yn Fryslân. Albertina Soepboer brûkt de floed as útgongspunt foar in neifertelling fan de iere Fryske skiednis. Tryater en Firma Rieks Swarte spilen yn 2005 op grûn fan de tekst in toanielfoarstelling.
Twatalige útjefte. Oersetting: Rieks Swarte en Gienke Deuten.

Oaren oer dizze titel
Besprek fan de toanielfoarstelling troch Lotje op 8Weekly (14-09-2005)