De wrâld is rûch
rink van der velde
friese pers boekerij, 2005

'De wrâld is rûch en dy't him net rêde kin is slûch'. Dat bekende sechje seit in soad oer de minsken dy't yn de koarte ferhalen fan Rink van der Velde typearre wurde. Gauris wiene it krekt de lytse minsken, dy't har ferhaal oan 'e taap wol even kwyt woene oan de skriuwer. Minsken dy't mei humor en meifielen delset wurde. De nostalgyske yllustraasjes fan Ies Spreekmeester jouwe it boek noch mear sfear.
De ferhalen waarden foar it earst publisearre yn 1984. Foar de lêzer fan no, dy't foar it earst kennis makket mei dy koarte stoarjes, giet in wrâld iepen.

Oaren oer dizze titel
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 20.06.2005 en op eigen webside