Tiid fan libjen (twadde printing)
willem verf
friese pers boekerij, 2005
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
It is 1985. Haadpersoan Eelke, in wurkleaze learaar út de Fryske Wâlden, reizget mei in frachtwein nei Dútslân. Hy bedarret yn Sealterlân en komt yn 'e kunde mei in famylje, dy't dêr wat achterôf op in pleats wennet: de linkse en feministyske Gretchen, har soan Peter, har mem Maria dy't geastlik yn 'e tiis is en har beppe Lize. Lize hat de skuorre fan de âld pleats ferhierd oan in jongereinferiening. Mar Gretchen en Eelke ûntdekke dat it om in groep neonazys giet: jongeren dy't oanslaggen tariede en yn training binne om as bysûndere kommando's ynset te wurden yn it Midden Easten. Gretchen en Eelke komme yn aksje om dy ynset te ferhinderjen. De haadpersoanen yn dit boek piele ek om mei in fjirtich jier âlde oarloch, dy't harres eins net wie mar dy't útsoarte noch geande is.
De earste printing fan Tiid fan libjen ferskynde yn 1987.
Oaren oer dizze titel
Jan Wybenga, LC 18-09-1987
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 20-06-2005 en op eigen webside