De flam
lieuwe pietersen
kffb, 2004
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Fonger Dam is in trochsneed boargerman mei in allike trochsneed kantoarbaan dêr't er it oant syn pensjoen wol mei útsjonge sil. Troch in skoallereüny wurdt syn evenredige libbentsje lykwols aardich ûntregele. Syn eardere skoalmaat Hidde Klaver is ta syn fernuvering net op de reüny. Dêr wol er mear fan witte en begjint in syktocht.
De moaie en mysterieuze Afke Schaaf is wol presint en besiket in relaasje mei Fonger oan te knoopjen. Syn yntuysje seit dat hy de boat ôfhâlde moat, mar hy jout dochs belies foar har ferlokkings. De beide âld-klasgenoaten hâlde him sa in healjier lang yn 'e besnijing. Hiene dy wat mei-elkoar? De ûnfoarspelberens fan Afke en de ferdwining fan Hidde sette syn wrâld úteinlik op 'e kop en kostje Fonger hast it libben.
Oaren oer dizze titel