Sykjend nei it lêste hûs
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2004

Haadpersoan yn dizze roman is Hesling Alberda, in emigrant dy't grut wurden is yn Dokkum. Nei in heale ieu omswalkjen komt er werom yn syn berteplak. Yn syn jonge jierren hie Hesling in dreech eintsje libben. Hy waard slim tramtearre troch de neven by wa't er as wees yn 'e hûs kaam te wenjen en hy fette in ûnmooglike leafde op foar syn sike nichtsje Aukje. Hy emigrearre nei Kanada en besocht dêr mei hurd wurkjen yn withoefolle leabrekkende banen syn ferline te ferjitten. Dochs pakt Hesling mei syn ferline om. As er wer yn Dokkum werom is besiket er famyljeleden op te spoaren, mar eins wit er net iens nei wa't er no echt op 'e siik is. By tafal moetet er in frou dy't eartiids in eachje op him hie en no har lêste faze fan it libben mei him trochbringe wol.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas yn LC 06-08-2004
Tsjerk Veenstra, FD 22-09-2004
Earste printing útferkocht, LC 11-10-2004
Henry Baron yn World Literature Today maaie 2005, The Free Library
Jetske Bilker, Farsk 42 - 2004
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite