De nije Sineeske muorre
trinus riemersma
venusboek, 2004

Der klinke twa droege plopkes dy't it net-oefene ear hâlde soe foar skotten mei in Smith & Wesson punt-39. Mar it is gjin antyk cowboy-sjitizer, it is in poermodern ferdôvingsgewear. It resultaat is lykwols itselde: Nier en Dynte sige efteroer, de knibbels knikke troch en se kwakke del. Se lizze der like fleurich by as Ceausescu en de frou.
Sa begjint de ûntfiering fan Dynte Planteit en Nier Hinnebruijer troch in Israëliaanske geheime tsjinst, noch geheimer as de Mossad. Se wurde harsenspield en ynset yn de striid tsjin de Palestinianen. Dy striid fiere se mei alle macht, oant stikje by bytsje har âlde persoanlikheden wer boppen komme. Dan binne se net langer brûkber foar de geheime tsjinst en sille se eliminearre wurde.
Nier Hinnebruijer en Dynte Planteit wiene foarhinne de haadfigueren út in rige kolderike aventoereromans fan Reinder Rienk van der Leest. Yn 2001 ferskynde it lêste diel fan Van der Leest syn rige, mar Trinus Riemersma naam it stokje oer mei de 'polityk ynkorrekte roman' De nije Sineeske muorre, yn deselde styl en geast as dy fan Van der Leest.

Oaren oer dizze titel
Gerbrich van der Meer, FD 08-12-2004
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite