Hertbyt
Elmar Kuiper
Bornmeer, 2004
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Hertbyt is de debútbondel fan Elmar Kuiper. Ferdield oer fiif skiften lit Kuiper sjen wêr't er ta yn steat is. Yn klank, ritme en wurdfoarming tekenet de dichter út wat er sizze wol, mei ekstra omtinken foar typografyske ynfallen. Opfallend binne de orizjinaliteit fan syn bylden en de taalfynsten dy't er yn elk gedicht oaninoar riuwt, lykas yn it fragmint fan it ûndersteande LIT DOWEN NET BARSTE.
LIT DOWEN NET BARSTE
Wês der betiid by
boetsearje iere fûgels koerende nôtpikkers
smyt bakte klaaisjongers yn ’e loft.
Poets loop foar skeppingsjacht
sjit klaaidowen út ’e loft.
Helje de hûnen! Helje de hûnen!
Pas op!
Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Babs Gezelle Meerburg, LC 02-07-2004
Abe de Vries, Farsk 2004
Eeltsje Hettinga, Trotwaer 06-2005
Briefwiksel Tsead Bruinja en Elmar Kuiper oer Hertbyt, De Moanne, jiergong 3, 2004