in waarm wek altyd
abe de vries
bornmeer, 2004

In waarm wek altyd is de twadde bondel fan Abe de Vries. Yn de gedichten bereizget er de wrâld, fan de Balkan oan Winaam ta. Oeral siket er it oarspronklike, om dat troch te lûken nei de fraach hokker betsjutting de skiednis hat foar de tsjintwurdige tiid, en dêrmei foar himsels. Dêrby hat er in skerp each foar it ferfal, it ferlies troch de jierren hinne.

Foar In waarm wek altyd krige Abe de Vries yn 2005 de Gysbert Japicxpriis takend.

Mear oer dizze titel
Sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 2004