It wrede foarjier
durk van der ploeg
friese pers boekerij, 2004

Dizze roman spilet yn de lêste oarlochswinter. Tie, de haadpersoan út it ferhaal, wie doe 14 jier en wenne op de Hûnepleats te Ealsum. Der barde fan alles yn dy turbulinte neidagen fan de oarloch. Underdûkers en evakuees kamen en giene. De bewenners fan de pleats fersylden yn it fersetswurk, meidat der op in stikje greide skean efter de pleats Ingelske fleantugen wapens ôfsmieten. Dy wiene ornearre foar de binnenlânske striidkrêften, dy't doe krekt op poaten set wiene. Dútsers diene in ynfal. Dêr kamen trije minsken by om it libben, alle trije troch ien kûgel fan Ingelske makkelij. In kûgel dy't nea ôfgien is... It boek is in persoanlike rekonstruksje fan skuld en skuldich fielen, in heale ieu nei de oarloch beskreaun troch immen dy't de dea yn 'e eagen sjocht.
It wrede foarjier is ien fan de trije titels dy't yn 2011 opnommen waarden yn de sammelbondel .

Oaren oer dizze titel
Jelle Krol, LC 04-03-1994
Jan Jongsma, FD 12-04-1994
Eize de Boer, FD 19-02-1994 (fraachpetear)
Henry Baron, World Literature Today 22-09-1994
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 13.12.2004 en op eigen webside
Eric Hoekstra, Farsk 47 - 2005