Suster
margryt poortstra
frysk en frij, 2004
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn dizze roman fertelt de hast hûndertjierrige Aukje Hoekstra har libbensferhaal oan har oerbeppesizzer Marije. In wichtige episoade út it libben fan de frou wie doe't se as ferpleechster yn in psychiatrysk sikehûs yn Ermelo wurke. Ien fan har pasjinten wie Willemyn van Gogh, de suster fan de ferneamde skilder Vincent. In parallel yn it ferhaal is dat Aukje in sterke bân mei in broer hie, lykas ek Willemyn van Gogh mei har broer Vincent. Beiden libben se yn it skaad - en fielden dat sa ek oan - fan harren ferneamde broers. De susters wurde yn dizze roman tekene as susters yn 'e ferpleging, de iene op bêd, de oare oan it bêd.
Yn 2004 ferskynde ek de oersetting Zuster, makke troch de skriuwster sels.
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear LC 19-03-2004 diel 1 en diel 2 [ûntbrekt]
Jabik Veenbaas, Ljouwerter Krante 19-03-2004
Lolkje Hoekstra op Farsk 24 - 2004
Henry Baron, World Literature Today, 2006