Oar plak oare tiid
jetske bilker
bornmeer, 2004
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Swaantsje Nammensma is in túnarsjitekt fan 35 mei in man en in bern. Se is gek mei har soan Jesse en ek wol mei har man Durk as it derop oankomt. It hat der alle skyn fan dat har libben mei noch altyd deselde man en sûnder al te opsichtige lichaamlike feroaringen as in boarstfergrutting of in oare kosmetyske yngreep o sa de muoite wurdich is. En dan komt se op in brulloft in man tsjin - en hoe 'n man: in Man.
Oar plak oare tiid wie yn 2004 it Frysk Boekewikegeskink, skreaun yn opdracht fan de Stichting It Fryske Boek. In oersetting yn it Nederlânsk troch Jantsje Post ferskynde ek yn 2004 ûnder de titel Andere plaats andere tijd.
Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 20-02-2004 (fraachpetear)
Jabik Veenbaas, LC 20-02-2004
Wieke de Haan, F-side 24-02-2004
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 04-03-2004, eigen webside
Margryt Poortstra, Farsk 24 - 2004
Oankundiging oersetting, FD 08-04-2004