Retoer Skylge
klaske hiemstra
venusboek, 2004
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Brecht is in frou fan om en by de fjirtich jier. Hja is manysk-depressyf. Har kwaal hat in grutte ynfloed op har dwaan en litten en behearsket har hiele libbenspatroan. Dat wurdt allinne mar slimmer as se beslút om de medisinen stean te litten. Har houlik mei Karel rint op 'e non. Brecht krijt aloan mear lêst fan stimmen dêr't ek alternative genêzers har net fan ôfhelpe kinne. Op in stuit begjint se de waanbylden en twingende advizen fan de stimmen wol nijsgjirrich te finen en op te folgjen by har deistige beuzichheden. Yn stee fan harsels helpe te litten wol se oaren helpe, op in twangmjittige wize. Sa kloppet se ek by in dûmny oan. Dy advisearret Brecht om der earst mar ris in wykein op út te gean. Hja boekt fuortdaliks in retoer Skylge. Dêr wol se dan tagelyk mar in nije grutte leafde oan de heak slaan.
Oaren oer dizze titel