De lange jacht
rink van der velde
friese pers boekerij, 2003
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Kranteman Kasper de Wagt hat it nocht der ôf. Fan syn wurk, de húshâlding, de frou en bytiden fan himsels. De pear dingen dêr't er noch wat aardichheid oan hat, binne it wykeinhúske op 'e Lytse Geast, de fiskerij en de jacht. Op it stuit dat it ferhaal begjint, stiet er op reesprong om nei de Lytse Geast ta foar in pear dagen fakânsje.
It komt him dan ek min út as op Smelle Ie in man fermoarde wurdt. Hy moat der op ta en it ûndersyk kostet him syn frije dagen. It is him lang net nei 't sin, mar oan de oare kant is it in nijsgjirrige saak. Kasper de Wagt komt yn de kunde mei aparte minsken en heart bjusterbaarlike ferhalen. By einbeslút moat er hast fjirtich jier yn de tiid tebek om achter it geheim te kommen.
Yn de jierren 1946 oant 1949 waard yn Indië in koloniale oarloch útfochten. Der wiene doe yn Fryslân nochal wat jonges, alteast yn de Súdeasthoeke, dy't dêr net hinne woene en desertearren. Kaptein Lody van Woerden, de man dy't by de Kleasterkamp fermoarde is, hie in grutte hekel oan dy 'leffe' deserteurs en liet harren dat ek merke. Guon wiene dat fjirtich jier letter noch net fergetten.
De earste printing fan De lange jacht ferskynde yn 1985.
Oaren oer dizze titel
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 07-06-1985 part 1, part 2, part 3
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite