In Ierse nimf
willem abma
frysk en frij, 2003

De leafde foar de literatuer yn it algemien en dy foar poëzij yn it bysûnder is in wichtich tema yn In Ierse nimf. Hiel wat kollega-literatoaren komme foarby, Fryske en oare. Yn dit boek steane twa reisferhalen en deiboekfragminten út it jier 1983. De lêste wjerspegelje in jier literêr libben yn Fryslân sa't Abma dat belibbe hat.
De reade tried is in syktocht dy't fiert fan Grins fia Portugal nei Ierlân. Dublin is foar in grut part it dekor fan wat him yn Ierlân ôfspilet. It doel fan de syktocht wurdt personifiearre yn it Ierse famke Joan dat yn it libben fan de ik-figuer like ûnferwachte ferskynt as dat it dêr út ferdwynt. Sy wurdt foar him geandewei in represintaasje fan de poëzij. Har fine soe syn bestean faaks de sin jaan dy't er siket. Earst jierren letter kringt ta him troch wat in útspraak fan de ier ferstoarne Ljouwerter dichteresse Hedwig te betsjutten hie.

Oaren oer dizze titel
Tsjerk Veenstra, FD 17-12-2003