De diggels fan Che
greet andringa
friese pers boekerij, 2003

De ferhalen yn dizze debútbondel binne fragminten ('diggels') oer it libben fan jonge minsken dy't op de grins fan de folwoeksenheid libje. De haadpersoanen binne op 'e siik nei in eigen plak yn it libben en ûntdekke - soms hast ûnbewust - harren seksualiteit. Guon ferhalen spylje yn de medyske wrâld en binne basearre op de ûnderfinings dy't skriuwster Greet Andringa yn har wurk as ko-assistinte en ferslavingsarts yn de drugshelpferliening opdie. De personaazjes binne meastal psychysk skeind troch gebrûk fan drank en drugs. Dêrtroch kinne se hast net mear op in 'normale' wize yn in sosjale mienskip te funksjonearjen. Greet Andringa ropt yn de ferhalen in sfear op dy't yn in hiel eigen wrâld oan de selskant fan de maatskippij hearsket. Ferskate fan de fjirtjin ferhalen yn dizze bondel waarden earder publisearre yn it literêre tydskrift Trotwaer.

Oaren oer dizze titel
Wieke de Haan, F-side 23-09-2003
Jabik Veenbaas, LC 17-10-2003
Gerbrich van der Meer, FD 19-11-2003 (fraachpetear)
Tsjerk Veenstra, FD 19-11-2003
Jetske Bilker, Farsk 21 - 2003