Marije
henk de haan
friese pers boekerij, 2003
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
It is in hurde en wrede tiid as hiel Fryslân slim te lijen hat fan de oarlochshannelingen yn de Tachtichjierrige oarloch. Moard, plondering en ferkrêftings binne soms oan de oarder fan de dei. De ynwenners fan Jobbegea-Skuorregea binne dan ek net bliid as midden yn de winter de swierferwûne wachtmaster Koene Franken by harren brocht wurdt. Se hawwe eins gjin nocht om him op te nimmen en te fersoargjen. Mar as blykt dat er in omkesizzer fan de âlde pastoar Klaas is, sjogge se wat oars tsjin him oan. Stadichoan wint er it fertrouwen fan de doarpelingen. Dan krijt er de fraach om út te sykjen wêr't it stellen sulver en it Marijebyldsje fan de doarpstsjerke bedarre bine. Underwilens krijt Koene fan syn kommandant in oare geheime opdracht mei op syn syktocht. En hy moat foar himsels in pear fragen oplosse, dy't mei de leafde te krijen hawwe.
Oaren oer dit boek
Jabik Veenbaas, LC 10-10-2003
Tsjerk Veenstra, FD 10-12-2003