Nanette
josse de haan
koperative útjowerij, 2003

Nanette is fyftich jier en wennet yn Arles (Súd-Frankryk). Se hat ûntdutsen dat har âlde beppe in freondinne wie fan Vincent van Gogh dy't dêr goed twa jier skildere. Op in dei krijt se in brief fan in skriuwer/keunsthistoarikus út Nederlân. Hy wit saken dy't er eins net witte kin. Se noeget him út. Beiden hawwe in dûbele aginda yn 'e holle.
Yn dizze roman steane nij-ûntdutsen brieven fan Van Gogh. Se fertelle oer syn langsten, syn leafdes en wat der echt bard is. Yn deselde gleone sinne en fûle mistral komme hûndert jier letter Nanette, oerpakesizzer fan Van Gogh en de skriuwer op elkoar ta. It ferhaal fan dy haadpersoanen liket op dat fan de skilder en syn freondinnen. Yn in brief fan 8 septimber 1888 skriuwt Van Gogh: 'Ik haw besocht en byldzje mei it read en grien de ferskriklike hertstochten fan de mins út.'
Passy is fan alle tiden. Ek yn dizze roman spilet dy passy in grutte rol. Yn it libben fan Van Gogh wie dat aspekt oant no ta ûnderbeljochte. Nanetteferoaret neffens de skriuwer it iensidich byld fan keunstkenners. Mei in skilderij fan Anne Feddema op it omslach.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei de skriuwer, LC 21-03-2003
Wieke de Haan, F-side 04-03-2003
Jabik Veenbaas, LC 11-04-2003
Ernst Bruinsma, de Moanne 2003 nr 4 (maaie), s. 59-60
Gerbrich van der Meer, FD 23-07-2003
Jetske Bilker, Farsk 7 - 2003
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite