De lêzer is in duvel
jabik veenbaas
bornmeer, 2003
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
De hjoeddeiske minske is in yndividu dat syn wei siket tusken oare yndividuen. Yn de hjoeddeiske literatuer fine wy dy yndividualiet werom. Ek de moderne skriuwer is foar alles in yndividu dat syn heechstpersoanlik boadskip op syn heechstpersoanlike manier útteart. En de lêzer wol himsels werkenne, wol meigean kinne yn it yndividuele libben dat de literatuer foar him ûntslút. Oarspronklikheid en autentisiteit binne de earste kwaliteiten dy’t fan it hjoeddeiske boek frege wurde. De lêzer is yn de fisy fan Veenbaas begien op de autentike, yndividuele kearn fan in literêr wurk, lykas de duvel op ’e siele.
Jabik Veenbaas sammelet yn De lêzer is in duvel essees oer de (Fryske) literatuer út de fiif foarôfgeande jierren. Hy behannelet it wurk fan in mannich nijsgjirrige Fryske proazaskriuwers en dichters. Yn it foaropwurd kritisearret er guon âldere Fryske skriuwers dy’t er ferwyt dat se yn har literatuerskôging tefolle de klam lizze op formalisme en maatskippijkrityk. Hy beslút syn ynlieding mei: ‘Wa’t it net mei my iens is, wit my wol te finen.’ De reaksjes op dit boek waarden bondele yn .
Oaren oer dizze titel
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 02-05-2003
Gerbrich van der Meer, FD 02-07-2003
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite