De soldaat dy’t weromkaam
theun de vries
kffb, 2003
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dizze roman spilet yn de tiid fan godstsjinst-oproeren en folksopstannen. It ferhaal is ynspirearre op in ferneamd sechtjinde-ieusk proses.
In jonge Súdfrânske boerinne, Bertrande, moat it al acht jier rêde sûnder har man, Martin Guerre, dy't him as soldaat ferhierd hat. Bertrande wurdt al gau as widdo bestimpele en troch ûnearbere en earbere foarstellen efterfolge. Hja wit lykwols eare en goed te bewarjen.
Har deugd wurdt beleanne. De Martin Guerre dy't weromkomt is net mear de ienselvige, wat rûge jongfeint dy't se troude, mar in man dy't fan it libben hâldt, mei wa't se in tiid fan lok en hertstocht belibbet. Oant in twadde Martin Guerre opdûkt, in rauwe ienskonkige oarlochsklant, dy't syn rjocht op erfgoed en Bertrande wol tige oannimlik wit te meitsjen.
Dizze roman ferskynde yn 1980 earst yn it Hollânsk, ûnder de titel De soldaat die terugkwam, yn de bondel De Blinde Venus: twee romances. Dick Eisma makke de oersetting nei it Frysk.
Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 10-05-2003
Wieke de Haan, F-side 18-09-2003