Subsydzje foar de graal
Cornelis van der Wal
Bornmeer, 2003

Subsydzje foar de graal is de tredde dichtbondel fan Cornelis van der Wal. It ferhaal oer de graal fynt syn oarsprong yn Keltyske leginden, mar it hat likegoed in plak fûn yn de kristlike tradysje. Yn de gedichten siket de dichter yn metafoaren dy't ferwize nei dy religieuze konnotaasje om syn plak as minske. Sa'n ferwizing is bygelyks te finen yn it folgjende fragmint it it gedicht 'Faam en Laam. In resept':

Sammelje de fjochtsjende dowen en jit it
bloed yn it ear dat smakket nei rustige tangen
mei dy gleone spiker der trochhinne dreaun.

Oaren oer dizze titel
Klaas van der Hoek, Konsenylje 20-02-2013 (besprek, oarspronklik 2004)
Sietse de Vries, LC 09-01-2004 (fraachpetear, diel 1 en 2)
Omrop Fryslân, 23-05-2020 (mei fraachpetear oer dizze bondel)
Jelle van der Meulen, Hoed en de Rand
Babs Gezelle Meerburg, LC 30-01-2004 (besprek)
Josse de Haan, 'In magnetyske trijehoeksferhâlding' yn: Kastanjes poffe s.142-149 (2005)