de fjoerbidders
ALbertina soepboer
bornmeer, 2003
-
liene by TRESOAR
-
Liene by de IEPENBIERE BIBLETEEK
De fjoerbidders is in bondel fan Albertina Soepboer. Ferdield oer fiif skiften (elk skift wurdt ynlaat mei in fragmint út in popnûmer) binne yn dizze bondel tritich gedichten opnommen, dêr't de muzyk in liedende rol yn spilet. De haadpersoan sjocht werom op har relaasje mei in pianospiler, de reade tried troch de gedichten, dy't opboud binne út fjouwer strofen fan twa rigels.
Moeting
De stêd wierre grize strjitten, sûker
twirren oan ’e spoarline, in nacht.
Yn ’e lampebol fan fiere flat: man
wachtsjend foar it reinich bytfabryk.
Ik smiet de fyts oan ’e kant, wankel
en werkende in lûd út in oar ferline.
Hy joech my de hân, sei dat hy it wie:
earste pianospiler, sad septembersong.
Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
A.IJ. van den Berg, Boeklog 05-11-2005
Daan Borrel, De Groene Amsterdammer 21-01-2015 (fraachpetear, mei oaren, oer muzyk yn poëzy)
Henk van der Veer: Sneeker Nieuwsblad 19-01-2004