De lêste brief
hanneke de jong
koperative utjowerij, 2003 (2e printing)
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Berber hat in goed kontakt mei har heit en syn nije frou en de beide jonkjes. Se hat in freondin oan wa’t se alles kwyt kin, benammen oer Erik, in jonge út har klasse. It grutte probleem yn Berber har libben is mem. Mem sit fol noed, mem sit har fierste ticht op ’e hûd, mem doar har net los te litten. En dan is der noch wat nuvers: mem leit út en troch briefkes foar Berber del mei ferhaaltsjes derop. Earst tinkt Berber dat it samar ferhaaltsjes binne, mar as se der mei heit oer praat hat, komt se derachter dat mem wat slims meimakke hat, dêr’t se net oer prate kin.
De lêste brief is de earste jeugdroman fan Hanneke de Jong en ferskynde foar it earst yn 1999. De Fryske Jeugdboekesjuery bekroande it boek mei in sulverne Spjelde. De skriuwster sette it boek oer nei it Nederlânsk en krige foar De laatste brief yn 2002 in earfolle fermelding fan de Zoenjury.
Oaren oer dizze titel
Baukje Wytsma, LC 10-09-1999
Sulveren spjelde útrikt, De Feanster 27-06-2000
Earfolle tút, LC 19-04-2002
Multimediaprojekt oer it boek, LC 23-04-2003 en LC 13-08-2003
Wieke de Haan, F-side 09-10-2003