De silveren rinkelbel
waling dykstra
útjouwerij fryslân/afûk, 2003 (achtste printing)

De silveren rinkelbel  is in histoarysk ferhaal oer de húshâlding fan skuonmakker Pabe Roukes yn Stiens oan 'e ein fan de achttjinde ieu. Haadpersoan is de fûnling Wouter, dy't as lyts jonkje op in dei yn in kiste by baas Pabe troch de doar skood wurdt en jierren letter fereale wurdt op Tsjamke, Pabe syn dochter. Op in stuit wol er wolris witte wa't syn echte âlden binne. In silveren rinkelbel spilet in wichtige rol yn de syktocht fan Wouter. De plottriedden fan dizze roman binne tige fernimstich yn inoar befrissele, mar it weefsel fan it ferhaal is op guon plakken wol tige trochsichtich.
De roman is útjûn as nûmer 10 yn de rige Fryske Klassiken II. Ph.H. Breuker skreau it neiwurd oer skriuwer, boek en útjeften.
De earste útjefte ferskynde yn 1856, de sânde yn 1987. In jier nei de earste Fryske útjefte kaam der ek in Hollânske ferzje út, De zilveren rinkelbel.

Yn har komysk heldeëpos Leffert (2013) hawwe Harke Bremer en Jarich Hoekstra in moai stik wijd oan in sêne út De silveren rinkelbel: 'De leafde is in skoander ding...'

Oaren oer dit boek


 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Der is gjin dêr, dêre
ronald giphart
steven sterk, 2003

De haadpersoan giet foar in brulloft fan ien fan syn âlde maten nei Wâldsein. Hy hat neat mei brulloften, ek neat mei silen. Dochs stapt er by in swiere froufaam yn in sylboat. Wa is nammers de heit fan de lytse poppe? In ûndernimmende tocht folget, de swide wetters fan de Súdwesthoeke del.
De populêre auteur Ronald Giphart (1965) skreau it hânskrift fan dizze roman yn it Hollânsk. Steven Sterk sette it oer yn it Frysk en Eeltsje Hettinga die de einredaksje. It ferhaal ferskynde yn 2003 yn it Frysk, ûngefear tagelyk mei Gala, it Nederlânske boekewikegeskink dat Giphart foar dat jier skreau.

Oaren oer dizze titel
Oankundiging, LC 08-02-2003
Sietse de Vries en Marjolijn de Cocq fraachpetear mei skriuwer, LC 07-03-2003
Piter de Groot, LC 13-03-2003
Sietse de Vries literêre jûn oer boek, LC 20-03-2003
Gerbrich van der Meer, FD 09-04-2003
Jetske Bilker, Farsk 4 - 2003