Libben, leafde en leauwe
klaas van tuinen
eigen behear, 2002

Yn Libben, leafde en leauwe beskriuwt Klaas van Tuinen hoe’t er opgroeide yn Hallum. Hy fertelt oer it deistich libben, syn fertriet en freugde, de lytse en grutte soargen en foaral ek de nocht en de wille. Syn jonge jierren krije tekening en kleur troch de libbene styl en de humor dêr’t Van Tuinen se mei delset.
Hy slagget oan wurk yn twibakfabryk De Volharding yn Hallum. Dan rekket er foar de earste kear fereale, mar it rint op ’e non, want hy is net fan har tsjerke. Letter slagget er oan Dora en sy is syn leafde foar altyd.

Oaren oer dizze titel
Tsjerk Veenstra, Sawn Stjerren Nijs 06-03-2002