De nacht fan de stroffelstiennen
henk de haan
friese pers boekerij, 2002

It ferhaal yn dizze roman, Henk de Haan syn debút, spilet him ôf yn de kontreien fan Jobbegea. By de Tsjonger wurdt in bonkerak fûn. De ûnbekende deade moat neffens de saakkundigen in ieu lyn ombrocht wêze. Yn dy snuorje is it Tsjongerkanaal oanlein, dus it soe hiel goed in skipper of in grûnarbeider út dy tiid wêze kinne. Mar sa'n âlde saak wurdt troch de plysje fansels net mear yn behanneling nommen.
It hiele gefal lit Bonne Feenstra, in rintenierjende winkelman út Jobbegea, net mear los. Hy begjint te sneupen yn de argiven en praat mei âlde minsken dy't mooglik mear witte. Stadichoan komt it ferline wer ta libben. Bonne komt in tragyske leafdesskiednis op it spoar en in wrâld fol sosjale misstannen.

Oaren oer dit boek
Jabik Veenbaas, LC 15-03-2002
Wieke de Haan, F-side 11-04-2002
Sietse de Vries, yn petear mei de skriuwer, LC 08-02-2002